53e Visserpartij 2016

De 53e Visserpartij is ferkeatst op sneon 27 augustus 2016.

 vlag

Nei in soad PR stunten, die der oan foarôf gongen, koe it op sneon 27 augustus heve.

It wie prachtig waar en dan hawwe jo de helte al te pakken. De kofje mei sels bakte cake stie klear en waard gretig ôfnommen. Foar de bern wie der limonade mei in Americain cookie.

 

It keatsen gong los om 10 oere nei dat Nynke Strikwerda de dei iepene hie troch eltsenien wolkom te hjitten. Der wie in soad poulekeatsen. Dit wie natuurlik leuk foar it keatsen mar dêrtroch rekken we ek wat let dient mei de alderlêste wedstriid. Nimt net wei dat we mei elkoar in tige geselliche dei belibbe hawwe. It waar wie hearlik, en de hamburgers ek.

De priizen binne jûns ferdield en eltsenien wie der tige wiis mei.

 

Wij as bestjoer fûnen it geweldich dat der dochs wer safolle dielnimmers wiene en hope dat jimme it allegeare troch fertelle wolle dat it sa gesellich wie. Wij hoopje dat we takomd jier noch mear âld-Tsjommers begroetsje meie sadat it in soarte fan keats/doarps reünie wurde sil.

ch7a3144-800x533 

 

 

Reacties zijn gesloten.